[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Nigearia

Ut Wikipedy
Federal Republic of Nigeria
Rệṗựblḭḉ ndi Naigeria (Igbo)
Flagge fan Nigearia Wapen fan Nigearia
Flagge Wapen
Lokaasje fan Nigearia
Offisjele taal Ingelsk, Hausa, Igbo, Yoruba, Fula
Haadstêd Abuja
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
923.768 km²
1,4­%
Ynwenners (200) 138.283.240
Munt Nigerian naira (NGN)
Tiidsône UTC +1
Nasjonale feestdei 1 oktober
Lânkoade NGA
Ynternet .ng
Tillefoan 234

Nigearia, fan 1963 ôf offisjeel de Federale Republyk Nigearia (dêrfoar fan 1960 oant 1963 de Federaasje Nigearia), is in lân yn it westen fan Afrika en hjit offisjeel de Federale Republyk Nigearia. De haadsted is sûnt 12 desimber 1991 Abuja. Foar 1991 wie de havenstêd Lagos de haadstêd fan it lân. Nigearia waard op 1 oktober 1960 ûnôfhinklik fan Grut-Brittanje.

De namme fan it lân kaam yn 1897 op it aljemint yn The Times as útstel fan de koloniale redakteur Flora Shaw, dy't letter mei de gûverneur fan Nigearia (Frederick Lugard) trouwe soe. De namme komt fan de wurden "Niger" (dat wie de langste rivier fan it lân) en "Area" (Ingelsk foar gebiet).

It lân wurdt begrinzge troch:

Kwa falls yn Cross River.

Nigearia beskikt oer in fochtich-hjit klimaat. Oan de kust leit in 15-90 km brede stripe mei mangrovebosken dat fierder lân ynwaarts oergiet yn in gurdle mei oerwâlden. It binnenlân leit foar in grut part op in plato dat út savannen, steppen en woastyngebieten bestiet. Yn it noardeasten leit it grutte Tsjaadmar. It lân wurdt troch de rivier de Niger trochsnien oer in lingte fan 1168 km en mûnet út yn in 24.000 km grutte delta by de Atlantyske Oseaan.

It noarden en it suden fan Nigearia waarden troch it Britske kolonia bestjoer, nettsjinsteande de grutte ferskillen mei leauwen en kultuer, gearfoege ta ien lân. Ien de earste bewegingen foar mear foech wie de Nigerian Youth Movement. De lieder fan dizze beweging, publisearde yn 1943 in plan fan ûnôfhinklikens fan Nigearia. Winliken wie der net genôch omtinken foar de demografyske ferskillen: Oare folken binnen Nigearia rekken yn konflikt mei Nnamdi Azikiwe, dy't sels fan it Igbo-folk kaam.

Dêrnei kamen der bewegingen om de folken fan Nigearia tichter byinoar te bringen, mar se dienen neat foar it ferienigjen fan it lân. Dêrom stifte Nnamdi Azikiwe de National Council of Nigeria and the Cameroons (NCNC), de Yoruba dienen dat ek yn 1951 mei de Action Group (AG). Yn it noarden stiften de Hausa-Fulany it Northern People's Congress (NPC) yn 1949.

Njonkelytsen wienen de Britten fan miening dat de ûnôfhinklikens fan Nigearia net op te kearen wie, der kaam in útstel fan de Britten om in federaasje te stiften mei trije dielsteaten. Alle dielsteaten soenen in soart fan autonomy krije. Om bar soene de dielsteaten fjouwer ministers oan it sintrale bestjoer leverjen moatte.

Yn 1959 wiene de earste ferkiezings foar it federale parlemint. It NPC wûn (yn it noarden wennen likefolle minsken as yn 'e oare dielen) en foarmde in koalysje mei de NCNC. Nigearia waard offisjeel yn 1960 ûnôfhinklik. Abubakar Tafawa Balewa, út it noarden wei, waard premier en Nnamdi Azikiwe presidint, dy funksje wie lykwols mar sermonieel. Nei dy ferkiezings en de ûnôfhinklikens kamen der korrupte oerheidsmeiwurkers, hoewol't in grut part fan de befolking yn Nigearia earm wie.

Yn 1964 waard der parlemintêre ferkiezings holden, dy't de Nigerian National Alliance (NNA), in gearfoeging fan de NPC en in part fan de AG, wûn hie. Der wie om dizze ferkiezings hinne in soad yntimidaasje en omkeaping. De dielsteatferkiezings yn 1965 rûn ta in bloedbad út: De Igbo's wienen bûten it spul set en der stoaren tûzenen minsken. Op 14 jannewaris 1966 besochten de militêren de macht oer te nimmen, benammen offisieren fan it Igbo folk. De lieder fan dy aksje wie in Igbo-generaal: Aguiyi Ironsi. De premier fan doe Aguiyi Ironsi waard fermoarde. Dat wie de ein fan de federaasje en der kaam in anty-korrupsjekampanje fan de Inronsy. Mar ek dat regear wie net populêr, omdat it grutste part fan it Igbo folk kaam. Dêrfoaroer besochten de Hausa stammen op 29 july 1966 de macht oer te nimmen. De lieder fan dy aksje wie de lutenant-kolonel Yakubu Gowon. Ironsi waard fermoarde en de Igbo's flechten út hiel Nigearia wei nei it súdeasten fan Nigearia. Op 30 maaie 1967 rop de rebellenlieder Chukwuemeka Ojukwu East-Nigearia as de republyk Biafra út. Dêrnei wie der in kriich oant jannewaris 1970. Ien fan de wichtichste oarsaken fan dy kriich wie de fynst fan oalje yn Biafra. By de roes stoaren der in heal miljoen minsken, mar dat nûmer is ûnwis, guont sizze dat der 2 miljoen stoaren.

Troch de oalje heechkonjuktuer yn de sântiger jierren fan de 20e iuw, slute Nigearia him oan by de OPEC en miljarden dollars fan de oalje produskje gie nei de Nigeariaanske skatkist. Mar troch hieltyd mear korrupsje yn it regear waard it jild wei. De opbringsten fan de oalje gie nei federale subsydzjes, en dêrtroch wie it regear it sintrum fan politike striid.

Nigearia is in tichtbefolke lân mei 138.283.240 (2008) ynwenners dy't allegearre by ien fan de mear as 250 ferskate stammen hearre, dêr't de Haussa en Fulani yn it noarden (29%), de Igbo (Ibo) yn it suden (18%), de Yoruba yn it westen (21%) en de Ijaw (10%) de wichtichste binne. Ek de Tiv (5%), de Kanuri (4%), en de Ibibio (3,5%) binne stammen aardich grut.

Yn Nigearia binne fral de wichtichste stammen hieltyd ferwiksele yn in striid om macht, dat no en dan liedt ta gewelddiedige útbarstings. Dêr komt noch by de spannings troch religieuze ferskillen: de Haussa bygelyks binne foar it meastepart, wylst de Igbo benammen kristen binne.

De twa grutste religy's yn Nigearia binne de islam en it kristendom. Sawat 50% fan de befolking is moslim, 40% kristen en 10 10% hat in tradisjoneel ynhiemsk leauwen. Yn de benammen islamityske noardlike steaten jildt de sharia.