Musedoarus
Musedoarus | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Mucedorus | |
auteur | William Shakespeare? | |
taal | Ingelsk | |
foarm | toanielstik | |
sjenre | komeedzje | |
skreaun | <1603 | |
1e publikaasje | <1610, Londen |
Musedoarus, yn it Ingelsk: Mucedorus, is in toanielstik fan ûnbekend auteurskip út 'e Elizabetaanske Tiid, dat it ferhaal fertelt fan 'e Falinsiaanske prins Musedoarus, dy't it tawurd wit te winnen fan 'e tsjeppe Aragoneeske prinsesse Amadine. It wie in tige populêr stik, dat oant de Restauraasje (1659) rûnom opfierd waard, en dat oerlevere is yn santjin ûnderskate printingen, wat mear is as hokker elizabetaansk toanielstik ek.
Datearring en auteurskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It is ûndúdlik wannear't Musedoarus krekt skreaun is, mar om't fêststiet dat it opfierd is foar sawol kening Jakobus I, as keninginne Elizabeth I, dy't yn 1603 stoar, moat it yn elts gefal fan foàr dat jier wêze. De op 'e nij besjoene en útwreide ferzje mei bykommende sênes datearret fan 1610. Wat de skriuwer oanbelanget, is Musedoarus gauris yn syn gehiel of foar in part taskreaun oan William Shakespeare. Sa waard it mei twa oare stikken dy't ta de Shakespeariaanske apokrifa rekkene wurde, De Fleurige Duvel fan Edmonton en Tsjeppe Em, de Moolnersdochter fan Manchester foar de bibleteek fan kening Karel II ynbûn yn ien bân, mei as titel Shakespeare: Vol. I ("Shakespeare: Diel I"). Moderne Shakespeare-kenners achtsje it lykwols tige ûnwierskynlik dat de grutte toanielskriuwer de hân hie yn it skriuwen fan Musedoarus, al soed er faaks belutsen west hawwe kinne by it redigearjen of op 'e nij besjen fan it stik.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Musedoarus, de prins fan Falinsia, heart dat Amadine, de dochter fan 'e kening fan Aragon, bûtenwenstige kreas is, en om't er dat wolris mei eigen eagen sjen wol, ferklaait er him as in earme skiephoeder, sadat er Aragon binnenglûpe kin om it fanke te begluorkjen. As er yn Aragon oankomt, wurde Amadine en har frijer, de ealman Segasto, krekt troch it wâld efternei sitten troch in mâle bear. Segasto spilet fan ruten en lit Amadine oan har lot oer, mar Musedoarus deadet de bear en bringt de prinsesse wer thús.
As Musedoarus dêrop priizge wurdt foar syn dapperens, wekket dat de oergeunstigens fan 'e lêfe Segusto op, dy't it net hawwe kin dat in sljochtwei skiephoeder moediger is as hysels. Dat hy freget syn freon Tremelio om Musedoarus foar him út 'e ljochten te helpen. Tremelio stimt dêryn ta, mar as er Musedoarus oanfalt, weeft dy handich mei him ôf, en is it Tremelio sels dy't dea rekket. Musedoarus wurdt dan foar de kening fan Aragon brocht, dy't him ta de dea feroardielje wol fanwegen it deadzjen fan in ealman, mar op foarspraak fan Amadine, dy't har heit yn 't sin bringt dat it Musedoarus wie dy't har rêden hat fan 'e bear, skinkt de kening him genede. Om't er hoe dan ek fan Musedoarus ôf wol, ferfalsket Segasto dan in keninklik dekreet dat Musedoarus út Aragon ferballet. Mar dat hat foar him it dwersferkearde effekt dat Amadine en Musedoarus harren leafde oaninoar ferklearje en tegearre útnaaie.
Wylst Amadine op in ôfsprutsen plak yn it wâld op Musedoarus wachtet, wurdt se finzen nommen troch Bremo, in wylde wâldman, dy't har meinimt om syn breid te wurden. As Musedoarus foar it ferstân kriget dat Amadine ûntfierd is, ferklaait er him as klúzner en wurdt dan daliks ek troch Bremo finzen nommen. Nei't er by Amadine brocht is, bepraat er Bremo dat dy harren fjochtsjen leare moat, sadat se harrensels ferdigenje kinne as hysels net by harren is. Mar sadree't de ûnnoazele Bremo him in swurd jout om mei te oefenjen, slacht Musedoarus him dea. Dêrop smyt er de momkape fan in klúzner ôf, sadat er wer in skiephoeder liket te wêzen. Segasto, dy't yn it wâld nei Amadine oan it sykjen west hie, fynt harren op dat stuit, mar as Amadine him fertelt hoefolle oft se fan Musedoarus, hâldt, jout er it oer. Musedoarus makket dan syn wiere identiteit bekend, en as de kening fan Aragon dêrfan heard, stimt er ta yn it houlik fan syn dochter mei Musedoarus.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|