[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Midnederlânsk

Ut Wikipedy
Midnederlânsk
algemien
taalgebiet de súdlike en westlike Neder-
lannen
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Súdwestgermaansk
        ● Nederfr.-Nedersaks.
          ● Nederfrankysk
            ● Midnederlânsk
skaaimerken
tiidrek 11001500
ûntstien út Aldnederlânsk
ûntjûn ta Nijnederlânsk
taalkoades
ISO 639-2 dum
ISO 639-3 dum

It Midnederlânsk, soms ek wol Dytsk (Diets) neamd, is de oantsjutting foar de Nederfrankyske dialekten dy't fan 'e Midsiuwen oant de Renêssânse sprutsen waarden yn 'e súdlike en westlike Nederlannen. Dat gebiet besloech it westen, de midden en it suden fan it hjoeddeistige Nederlân, it noarden en westen fan it tsjintwurdige Belgje en dêropta noch dielen fan wat no westlik Dútslân en noardlik Frankryk binne. It Midnederlânsk is folle better oerlevere as it Aldnederlânsk, dêr't it út ûntstie.

It Midnederlânsk ûntjoech him om 1100 hinne (soms wurdt it jiertal 1150 oanholden) út it Aldnederlânsk. Dat wie in stadich proses, sûnder dúdlike skiedsline, wat elts oanwizen fan sa'n grins ta in arbitrêre beslissing makket. Yn 'e tolfde iuw briek lykwols in perioade oan dat it Nederlânsk folle mear brûkt waard as skriuwtaal, wat makke dat de taalkundige fernijings dy't meitiid slûpenderwize yn 'e taal trochkrongen wiene, foar it earst dúdlik oan it ljocht kamen. Doe die bliken dat it Nederlânsk tsjin dy tiid in hiel oare foarm krigen hie as dat de taal yn it Aldnederlânske tiidrek hie.

Yn 'e Midnederlânske perioade wie der noch gjin standerttaal, mar ynstee in groep nau besibbe dialekten, dy't folle mear opinoar lieken as dat se faninoar ferskilden. Der wiene fjouwer grutte dialektgroepen: it Hollânsk (mei dêrby ek it Utertsk-Alblasserwaardsk, dat tsjintwurdich as in apart dialekt sjoen wurdt); it Flaamsk (mei it Siuwsk); it Brabânsk; en it Súdgeldersk-Kleverlânsk-Eastbergysk. Foarhinne waard ek it Limboarchsk ta it Midnederlânske taalgebiet rekkene, mar dat wurdt no as in selsstannige taal beskôge, dy't yn elts gefal fanôf de Aldnederlânske perioade (en mooglik noch earder) in eigen ûntwikkeling trochmakke hat.

Oft de Midnederlânske dialekten ek ûnderling fersteanber wiene, is noch mar de fraach, want hoewol't se perfoarst in taalkontinuum foarmen, mei stadige oergongen fan it iene dialekt nei it oare, bestiene der dochs dúdlik grutte ferskillen tusken de sprekkers fan 'e taalfarianten dy't oan 'e úteinen fan sa'n yninoar gripende keatling fan dialekten libben. De skriuwtaalfoarmen dy't yn 'e ferskate dialektgebieten brûkt waarden, lieken lykwols al tige opinoar, en wiene foar lêzers út it hiele Midnederlânske gebiet nei te kommen. Mei't it Nederlânsk in frijwat konservative taal is, kinne sels tsjintwurdige lêzers in tekst yn it Midnederlânsk faak noch wol yn grutte linen folgje.

Oars as út 'e Aldnederlânske perioade is út it Midnederlânsk in ferskaat oan teksten oerlevere, mei dêrûnder:

Om 1500 hinne einige it Midnederlânske tiidrek doe't de taal him stadichoan ûntjoech ta it Nijnederlânsk.

Ferskillen tusken Ald- en Midnederlânsk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It opfallendste ferskil tusken it Ald- en it Midnederlânsk is it taalkundige ferskynsel dat fokaalreduksje neamd wurdt (en dat him ek yn besibbe talen lykas it Ingelsk, Frysk en Nederdútsk foardie). Dêrby krigen wurden dy't earder op folle fokalen einigen, in sjwa of reduksjefokaal oan 'e ein:

Aldnederlânsk Midnederlânsk betsjutting
vogala vogele "fûgel"
dago / daga daghe "dei"
brecan breken "brekke"
gescrivona ghescreven "skreaun"

In oar ferskil wie dat it Aldnederlânsk noch oer ferskate konsonanten beskikte dy't yn it Midnederlânsk net mear foarkamen. Sa hie it Aldnederlânsk de [θ] (stimleaze th, fan Ingelsk thin), wylst de [ð] (stimhawwende th, fan Ingelsk this) ek foarkaam, al waard dy yn 'e regel net oars stavere as de stimleaze th (mar soms as dh). Fierders ferdwûn ek de "hurde" Fryske [ɡ] (g fan "goed") stadichoan; yn it Midnederlânsk bestie dizze klank inkeld noch nei de [ŋ] (ng fan "finger", dat dus op 'e "Ingelske" wize útsprutsen waard: [fiŋɡər], en úteinlik waard er hielendal wei.

Feroarings yn it Midnederlânske tiidrek

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Behalven dat de "hurde" [ɡ] út 'e taal eliminearre waard, fûnen der yn it Midnederlânske tiidrek noch oare feroarings plak. Sa ûntstie doe foar it earst de konsonantekluster [sx] (sch fan school) út it oarspronklike [sk] (sk fan "skoalle"). Troch de ûndúdlike Midnederlânske stavering (sc koe beide klanken foarstelle) is lykwols ûndúdlik wannear't dizze feroaring krekt syn beslach krige. Fierders waard yn dizze perioade ek de d ynfoege op ferskate plakken dêr't er net thúshearde, ornaris om 'e útspraak fan in wurd mei in r nei in oar bylûd makliker te meitsjen: donre > donder; solre > solder; bunre > bunder; Gelre > Gelder. Tusken langere lûden en oare lûden waard de d lykwols krekt wei: veder > veer; mede > mee; lade > la. Ek ferdwûnen de measte sjwa's yn wurdeinige posysjes (vrouwe > vrouw) en teffens yn guon oare ûnbeklamme posysjes (hevet > heeft).

Krekt as it Aldnederlânsk hie it iere Midnederlânsk noch in folslein namfallesysteem, mei nominatyf, genityf, datyf en akkusatyf, sa't men dat hjoed oan 'e dei noch tsjintkomt yn it besibbe Dútsk. Yn it Midnederlânske tiidrek begûn dat stadichoan ôf te broazeljen, oant it yn it Nijnederlânsk yn 'e sprektaal alhiel ferdwûn (hoewol't it yn 'e skriuwtaal foar in diel noch stân hold oant de staveringsherfoarming fan 1944). Dêrby bestiene der ek nochris twa ferbûgingsfoarmen: in sterkenien, en in swakkenien foar haadwurden dy't einigen op -e.

Hjirûnder de sterke ferbûging yn it Midnederlânsk (clein = "lyts"; worm = "wjirm"; daet = "die"; broot = "bôle"):

namfal manlik froulik ûnsidich
inkeltal
1ste namfal (nominatyf) die cleine worm die cleine daet dat cleine broot
2de namfal (genityf) des cleins worms der cleiner daet des cleins broots
3de namfal (datyf) den cleinen worme der cleiner daet den cleinen brode
4de namfal (akkusatyf) den cleinen worm die cleine daet dat cleine broot
meartal
1ste namfal (nominatyf) die cleine worme die cleine dade die cleine brode
2de namfal (genityf) der cleiner worme der cleiner dade der cleiner brode
3de namfal (datyf) den cleinen wormen den cleinen daden den cleinen broden
4de namfal (akkusatyf) die cleine worme die cleine dade die cleine brode

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.