[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Mausoleum fan Lenin

Ut Wikipedy
Mausoleum fan Lenin
It mausoleum yn 2015
It mausoleum yn 2015
Mausoleum fan Lenin (Moskou)
Mausoleum fan Lenin
Lokaasje fan Lenin's mausoleum yn Moskou.

It Mausoleum fan Lenin, dat yn 1924 boud waard, stiet op it Reade Plein yn Moskou en befettet de balseme lea fan Lenin (1870-1924). It mausoleum lûkt in soad toeristen.

It mausoleum is in ûntwerp fan arsjitekt Aleksej Sjtsjoesjev, makke fan donkerread granyt en swart labradoryt. De kleuren moatte it fertriet fan it folk en de krêft fan Lenins iuwige wiisheid symbolisearje.

Besikers foar it houten mausoleum, 1925

Oer it Mausoleum bestiet it neikommende mearke:

De Russyske lieder en revolusjonêr Lenin waard neidat er ferstoarn wie nei it mausoleum op it Reade Plein brocht, Moskou. Dêr waard hy 'ûnderhâlden' en waard foar syn lea soarge sadat it net ûntbine koe. Dochs nei inkelde jierren kaam it safier. Sadwaande waard it mausoleum in skoftsje sletten. Yn 'e tuskentiid waard in grutte 'ferklaaien as Lenin'-kompetysje organisearre. De winner, dy't krekt itselde as Lenin derút seach, koe syn priis yn Moskou ophelje. Hy hat it paad nei Moskou nea werom fûn. Wer efkes letter waard it Mausoleum op 'e nij iepene...

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]