[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Jean Stapleton

Ut Wikipedy
Jean Stapleton
akteur
Jean Stapleton yn 1977.
Jean Stapleton yn 1977.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jeanne Murray
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 19 jannewaris 1923
berteplak New York (New York)
stoarn 31 maaie 2013
stjerplak New York (New York)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
Skotsk
jierren aktyf 19412001
prizen 3x Emmy Award
2x Golden Globe
offisjele webside
gjint

Jean Stapleton, echte namme: Jeanne Murray (New York, 19 jannewaris 1923 – dêre, 31 maaie 2013), wie in Amerikaansk aktrise, dy't yn 'e jierren santich bekendheid krige troch har rol as Edith, de beklaachlike mar tawijde frou fan Archie Bunker (spile troch Carroll O'Connor), yn 'e tillefyzjekomeedzjesearje All in the Family.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stapleton wie hikke en tein yn New York. Har heit wie Joseph E. Murray, in reklameman, en har mem Marie Stapleton, in operasjongster. Se studearre oan it Hunter College yn Manhattan en sette yn 'e simmer fan 1941 útein mei har aktearkarriêre. Se spile op Broadway yn ferskate súksesfolle musikals, lykas Damn Yankees, Funny Girl, Bells Are Ringing en Juno, en hie gastrollen yn withoefolle tillefyzjesearjes. Yn 1971 briek se troch mei har rol yn All in the Family (1971-1979); foar har fertolking fan Edith Bunker wûn se trije Emmy Awards (de heechste Amerikaanske tillefyzjepriis) en twa Golden Globes. Se spile Edith Bunker ek yn it begjin fan 'e ferfolchrige Archie Bunker's Place, mar om't se har nocht hie fan 'e rol, liet se har oan 'e ein fan it earste seizoen út 'e searje skriuwe.

Jean Stapleton mei Carroll O'Connor yn All in the Family.

Yn 1982 spile Stapleton in folle serieuzere rol as Eleanor Roosevelt, yn in tillefyzjeproduksje oer dy har lettere libben. Neitiid gie se mei dy rol, adaptearre ta in ienfrousshow, op toernee by de Amerikaanske teäters lâns. Teffens hie se mei Whoopi Goldberg ien fan 'e haadrollen yn 'e tillefyzjesearje Bagdad Café. Yn 1984 sloech se de haadrol ôf yn 'e detektivesearje Murder, She Wrote, dy't dêrnei nei Angela Lansbury gie. Yn 'e njoggentiger jierren hie se byrollen yn films as Michael, mei John Travolta, en You've Got Mail, mei Tom Hanks en Meg Ryan, en gastrollen yn searjes as Everybody Loves Raymond en Murphy Brown. Yn 2001, doe't se 78 jier wie, hold se op fan aktearjen.

Stapleton wie fan 1956 oant syn dea yn 1983 troud mei toanielregisseur William Putch. Hja krigen twa bern, akteur, skriuwer en tillefyzjeregisseur John Putch en tillefyzjeprodusinte Pamela Putch. Stapleton wie in aktyf lid fan 'e Christian Science-tsjerke. Hja stoar op 31 maaie 2013 te New York, yn 'e âlderdom fan 90 jier. Op 5 juny waarden de neönljochten fan Broadway ta har oantins in minút lang útset.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(in) Folsleine filmografy fan Jean Stapleton yn 'e Internet Movie Database

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.