[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Don't Stop Me Now

Ut Wikipedy
Don't Stop Me Now
algemiene ynformaasje
B-kant In Only Seven Days
artyst Queen
album Jazz
taal Ingelsk
sjenre Rock,
Hardrock
útbrocht 26 jannewaris 1979
opnommen Super Bear Studios
augustus 1978
doer 3:29
label EMI
skriuwer Freddie Mercury
produsint Queen,
Roy Thomas Baker
fideoclip
Queen - Don't Stop Me Now (Official Video)
resultaten
hitlisten flagge fan Nederlân Top 40 - 14,
flagge fan Nederlân Single top 100 - 16
flagge fan Belgje Ultratop 50 - 23
sertifisearre Austraalje 5× platina,
  Denemark platina,
Itaalje 3× platina,
Grut-Brittanje 3× platina,
Feriene Steaten 3× platina

Don't Stop Me Now is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Queen yn augustus 1978 en útbrocht op it album Jazz fan Queen út 1978. Don't Stop Me Now wie it tolfde nûmer op it album en waard op 26 jannewaris 1979 útbrocht as twadde single fan it album.

Fat Bottomed Girls is skreaun troch Freddie Mercury. De tekst beskriuwt gefoelens fan krêft en oerdriuwing ("I'm gonna go, go there's no stopping me"). Neier beskôge binne der ek in soad seksuele taspilingen ("I'm a sex machine ready to reload, like an atombomb about to, Oh oh oh oh explode").

Muzikaal sjoen is it nûmer basearre op it pianospul fan Mercury wêrby 't bassist John Deacon en drummer Roger Taylor foar de ritme seksje soargje. It iennige stikje gitaar yn it nûmer is de solo fan Brian May hoewol't by optredens hy ek slachgitaar spile om it nûmer wat mear rock wêze te litten. In karakteristyk aspekt fan it nûmer is de harmoanyske sang foar it refrein wêrby't meardere opnamen fan de sang oerinoar hinne lein binne.

Oer de fideoclip

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fideoclip foar Don't Stop Me Now waard regissearre troch J. Kliebenstein en filme yn Vorst Nationaal, Brussel, Belgje op 26 jannewaris 1979.

  • Freddie Mercury – Sang
  • Brian May – Gitaar
  • John Deacon – Bas
  • Roger Taylor – Drums