[go: up one dir, main page]

Renata Adler (Milaan, 19 oktober 1938) is in Amerikaansk skriuwster, publisiste en sjoernaliste. Hja waard benammen bekend troch har wurk foar it tydskrift The New Yorker en har koarte karriêre as filmkritika foar The New York Times. Dêrnjonken skreau se ek inkele romans en koarte ferhalen.

Renata Adler
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Renata Adler
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 19 oktober 1938
berteplak Milaan (Lombardije)
etnisiteit Joadsk
wurk
taal Ingelsk
sjenre romans, non-fiksje
bekendste
  wurk(en)
Towards a Radical Middle
A Year in the Dark
Speedboat
Pitch Dark
prizen O. Henry Award 1978
jierren aktyf 19622009
offisjele webside
Renata Adler yn 'e IMDb

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding

bewurkje seksje

Adler waard yn 1938 berne yn Milaan, yn Itaalje, as de dochter fan Frederick L. Adler en dy syn frou Erna. Har âldelju wiene Joaden dy't yn 1933 de wyk nommen hiene út nazy-Dútslân en har yn 1939 yn 'e Feriene Steaten nei wenjen setten. Adler, dy't twa âldere bruorren hie, groeide op yn Danbury yn 'e Amerikaanske steat Connecticut. Nei de middelbere skoalle learde hja troch oan it Bryn Mawr Kolleezje yn Bryn Mawr (Pennsylvania), dêr't se summa cum laude ôfstudearre yn filosofy en Dútske taal- en letterkunde. Adler behelle ek in mastergraad yn ferlykjende letterkunde oan 'e prestizjeuze Universiteit fan Harvard yn Cambridge (Massachusetts) en studearre fierder yn filosofy, taalkunde en strukturalisme oan 'e Sorbonne yn Parys. Se rûne har stúdzjetiid ôf mei in doktoraat yn 'e rjochten oan 'e Universiteit fan Yale yn New Haven.

Yn 1962 gie Adler as sjoernaliste oan it wurk by it tydskrift The New Yorker. Om dyselde tiid hinne wie se, ûnder in skûlnamme, ek koarte tiid as literatuerkritika wurksum foar it blêd Harper's Bazaar. Yn 1968 waard Adler, hoewol't se net folle fan films ôfwist, troch The New York Times oansteld as filmkritika yn it plak fan 'e ûntsleine Bosley Crowther. Har esotearyske, literêre resinsjes mochten de grutte filmdistributeurs net oer. Sels wie se tige ûngelokkich mei de skerpe deadlines dêr't se by de Times mei te krijen hie. Sadwaande waard se yn febrewaris 1969 al ferfongen troch Vincent Canby. Adler kearde dêrop werom nei The New Yorker, dêr't se oant har pinsjonearring yn 2009 bleau.

Adler har filmresinsjes waarden yn 1970 yn bondele foarm publisearre ûnder de titel A Year in the Dark ("In Jier yn 't Tsjuster"). Har essays en artikels foar The New Yorker oer ûnderwerpen as polityk yn it algemien, de Fjetnamoarloch en de Amerikaanske Boargerrjochtebeweging waard yn 1970 ek yn bondele foarm werútjûn, mei as titel Towards a Radical Middle ("Op in Radikale Midden ta").

Yn 1980 soarge Adler foar opskuor troch yn in resinsje yn hurde bewurdings it boek When the Lights Go Down ôfrinne te litten, dat de bondele filmresinsjes omfette fan har kollega by The New Yorker Pauline Kael. Yn har stik, dat in lingte fan 8.000 wurden hie, kwalifisearre Adler de resinsjes fan Kael as "stik foar stik, regel foar regel en sûnder útsûndering weardeleas". Ek skreau se dat Kael sûnt de 1960-er jierren "beslist neat fan yntelliginsje of gefoelichheid" produsearre hie. It artikel, dat berucht waard yn Amerikaanske literêre fermiddens, waard troch it tydskrift Time omskreaun as "it bloedichste gefal yn jierren fan mishanneling troch de literêre maffia fan New York". De beweechredens fan Adler waarden troch har meistanners taskreaun oan har krewearjen om 'e literêre standerts fan The New Yorker heech te hâlden en troch har tsjinstanners oan in persoanlik skeel mei Kael.

In oare opsjenjaande publikaasje fan Adler wie it essay dat se yn 1998 foar it blêd Vanity Fair skreau oer it saneamde Starr Report (it ferslach fan spesjaal oanklager Ken Starr oangeande syn ûndersyk nei Bill Clinton yn it ramt fan it Lewinskyskandaal). Hoewol't it Starr Report ta de impeachment fan 'e Demokratyske presidint Clinton late troch it troch Republikeinen dominearre Amerikaanske Hûs fan Offurdigen, riddenearre Adler dat it ferslach gjin bewiismateriaal befette dat sa'n impeachment rjochtfeardige, mar mear as genôch bewiismateriaal foar it machtsmisbrûk en de korrupsje fan Starr sels. Se kwalifisearre it dokumint as "ûnsekuer, dom, befoaroardiele, gaoatysk, ûnprofesjoneel en korrupt. Tekstueel is it in tsjûk boekwurk fan demintearre pornografy, mei withoefolle fassinearjende personaazjes en ferskate fierhinne ferburgen ferhaallinen. Polityk is it in besykjen […] om 'e relatyf saaie easken oangeande wier bewiis en grûnwetlike prosedueres oan kant te reagjen, ja sels te ferneatigjen."

Yn 2001 sei Adler, weromsjend op har sjoernalistike karriêre: "The New York Times wie behoarlik goed, hoewol't der altyd grinzen wiene oan wat der binnen it ramt fan 'e kultuer dien wurde koe. Mar se wiene har sa bewust fan 'e eigen macht dat de fraach wat earber wie, doedestiden tige wichtich wie foar de redakteurs. Ik haw de yndruk dat dy fraach by The New Yorker en The New York Times tsjintwurdich langer gjin rol mear spilet." Njonken har sjoernalistike wurk wie Adler tsjin 'e ein fan har karriêre ek gastheechleararesse yn 'e sjoernalistyk oan 'e Universiteit fan Boston, de Universiteit fan Yale en de Universiteit fan Stanford.

Priveelibben

bewurkje seksje

Adler hat ien soan, Stephen, dy't se yn 1986 as in poppe adoptearre. Anno 2013 wenne se yn Newtown, yn Connecticut.

  • 1974 – Brownstone (koart ferhaal)
  • 1976 – Speedboat (roman; werútjûn yn 2010)
  • 1983 – Pitch Dark (roman; werútjûn yn 2013)
  • 1965 – Letter from Selma (essay oer de Marsen fan Selma nei Montgomery)
  • 1970 – A Year in the Dark (sammele filmresinsjes)
  • 1970 – Towards a Radical Middle (sammele essays en artikels)
  • 1986 – Reckless Disregard: Westmoreland v. CBS et al., Sharon v. Time
  • 1999 – Gone: The Last Days of "The New Yorker"
  • 2002 – Canaries in the Mineshaft: Essays on Politics and the Media
  • 2015 – After the Tall Timber: Collected Non-Fiction

Prizen en nominaasjes

bewurkje seksje
jier priis resultaat kategory foar
1974 O. Henry Award wûn bêste koarte ferhaal Brownstone
1976 Hemingway Foundation/PEN Award wûn bêste earste roman Speedboat

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.