[go: up one dir, main page]

In diktatuer (fan it Latyn: dicere, wat "sizze" of "sprekke" betsjut) is in steatsfoarm dêr't ien persoan, de diktator, it allinnich foar it sizzen hat. Faak is by dizze steatsfoarm sprake fan systematyske ûnderdrukking fan oarstinkenden (saneamde dissidinten) en oare tsjinstanners fan de diktator. Dêrmei stiet de diktatuer streekrjocht oer foar de demokrasy, dêr't de mearderheid fan de befolking it lânsbestjoer kiest. Meastentiids giet dizze foarm fan regearjen gear mei misstannen, wêrby't te tinken falt oan selsferriking troch de diktator en it finzensetten of fermoardzjen fan tsjinstanners.

Diktatueren komme faak ta stân troch in militêre steatsgreep. Foarbylden dêrfan binne de militêre junta's dy't foarhinne yn Latynsk-Amearika foar master opsloegen. Lykwols binne diktators yn guon gefallen, lykas Adolf Hitler yn nazy-Dútslân, fia demokratyske ferkiezings oan de macht kommen. Ienkear oan de macht skaffe sokken ornaris de demokrasy ôf.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.